De Nespel

De Nespel Noardeast-Fryslân
Skiednis De Nespel waard opboud yn 1972 troch sa 'n 80 frijwilligers út Nes. It gebou wie dêrfoar in gymlokaal ôfkomstich út Ferwerderadiel en waard allegearre betelle mei jild dat troch Nessumers skonken waard en mei bydragen út fûnsen. Op 7 april 1973 waard de Nespel offisjeel yn gebrûk naam. Sûnt dy tiid hawwe der de nedige feroaringen west om Doarpshûs de Nespel " by de tiid " te hâlden. Ien fan dy feroaringen wie yn 1985, doe 't it toaniel byboud waard. Yn de jierren dêrnei wreide de Nespel hieltyd fierder út wêrby 't der in foarportaal mei toilletfoarsjenningen en in klaai - en dûsromte by kamen. Yn 2009 stutsen De Nespel, Dorpsbelangen Nes en de Hijspaleisjeugd (doe bivakerend yn in caravan krekt bûten it doarp) yn gearwurking mei de doetiidske gemeente Dongeradiel de koppen byinoar om in jeugdhonk te realisearjen yn De Nespel. De úteinlike ferbouwing sette útein, nei in lange oanrin, yn april 2012. Nei hast in jier fan slopen en weropbou is it doarpshûs, ynklusyf jeugdhonk, yn de maitiid fan 2013 op 'e nij yn gebrûk naam. TEKST FOTO: 1973, Harm Eelkema bringt de namme fan it doarpshûs op de gevel oan. Renze de Graaf langet him de letters oer. Foto album Nijsgjirrich nei foto’s út it ferline? De foto’s binne pleatst yn ús NespelAlbum. Hawwe jo ek noch wat foto’s lizzen dy’t nijsgjirrich wêze kinne foar dizze hiemside? Stjoer se nei website@nespel.nl. It Nespelliet De Nespel hat in eigen liet. Klik HJIR foar de tekst en de musyk.